Mei in 'quad' de natuer yn

Minsken út Donkerbroek kinne mei in 'quad' de natuer ferkenne. Dat bart ûnder begelieding en yn groepsferbân. In quad is in nij ferfiermiddel. It is in soarte fan iepen skelter mei in motor en koplampen en in kenteken. In rydbewiis is dus fereaske.
Wil Draaisma sjocht der brea yn en hat yn it âld suvelfabryk 10 quads beskikber steld foar de leafhawwers.