Massaal protest ferwachte

Der komt sneon in massaal protest tsjin it romjen fan fee by in tongblierkrisis. Dat bart yn Dokkum by in besite fan in delegaasje fan it Europeesk Parlemint oan de stêd.
Boargemaster Cazemier hat in pear wiken lyn in oprop dien foar protest. De stifting Ent Europa freget no ek elkenien om har sneon tsjin it non-faksinaasjebelied te fersetten.