Bernlef filmet Fryske Kameleon

© Omrop Fryslân
Lykas bekend makket Steven de Jong in film oer de Kameleon. Dat bart yn it Nederlânsk en dat is studinteferiening Bernlef út Grins net nei it sin. Se meitsje in Fryske ferzje. By it Kameleon-doarp by Terherne makken se woansdei opnamen fan de aventoeren fan Sytse en Hylke Klinkhamer.
De film giet 18 augustus yn premiêre, op de soas fan de studinteferiening.