'Nij gemaal by Harns nedich'

© Omrop Fryslân
Wetterskip Marne-Middelsee yn Boalsert wol in nij gemaal by Harns. Trochdat der no net genôch spuid en mealle wurde kin, driigje by in soad rein en hurde wyn guon gebieten te oerstreamen.
It Van Harinxma-kanaal is geskikt om de lege midden fan Fryslân te ûntlêsten. It nije gemaal moat likernôch deselde kapasiteit krije as it Hoogland-gemaal yn Starum.