Nijeholtpea wol doarpshûs hawwe

Nijeholtpea wol in multyfunksjoneel sintrum hawwe. Ferienings en clubs komme no noch gear yn it doarpskafee, mar dat is te lyts. Boppedat foldocht it net mear oan de easken fan de tiid.
Pleatslik Belang presintearre de plannen foar it nije sintrum tiisdei. De gemeente Weststellingwerf is posityf, mar wol noch gjin tasizzings dwaan.