Oerol: oerlêst, mar ek ûnmisber

© Omrop Fryslân
Mear as de helte fan 'e Skylgers hat lêst fan it Oerolfestival. Dat docht bliken út in enkête fan 'e organisaasje sels. De oerlêst sit him benammen yn drokte yn winkels en op strjitte. In tredde seit lykwols gjin lêst te hawwen fan it ferkear.
In mearderheid fan 'e ynstjoerders fynt dat it festival wol by it eilân heart. It is fan 14 oant en mei 23 juny.