Ferkearsûnderwiis moat better

© Omrop Fryslân
Fryske basisskoallen dogge te min oan ferkearsedukaasje. De kwaliteit fan it soart ûnderwiis kin better. De provinsje hat in saneamd ferkearsfeiligenslabel makke, spesjaal foar skoallen.
It 'Seef Label' wurdt dizze wiken presintearre. Skoallen dy't oan bepaalde kritearia foldogge, kinne it label krije. Skoallen krije stipe fan it ROV Fryslân foar ferkearsfeiligens.