Cambuur - Emmen: 4-2

No't de druk fan it prestearjen by Cambuur fuort wie nei trije ferliespartijen, koe it sneon ynienen wol winne fan Emmen. Yn in oantreklike wedstriid fuotballen de Ljouwerters folle makliker dan de Drinten.
De winst gong dan ek terjochte nei Cambuur. De útglider tsjin Emmen fan ôfrûne wike waard sa foar de fans dochs noch goed makke.