Iepen dagen nasjonale parken

Tûzenen minsken wiene dit wykein yn de natuer. In protte fan harren wiene op 'n paad yn de nasjonale parken. Dy parken binne der om de natuer har gerak te jaan. Mar ek publyk is fan herte wolkom.
Yn it Drents Friese Wold by Appelskea is tsjintwurdich in kabouterpaad. It paad is bedoeld foar bern fan 4 oant 6 jier. Se kinne har ferklaaie as kabouter mei in reade puntmûts en in knapsek.