Minikonferinsje oer allochtoanen

Helpynstânsjes, it ûnderwiis en de plysje moatte der flugger by wêze as Marokkaanske jongerein oer de skreef geane. Dêr hawwe fertsjintwurdigers fan de Marokkaanske mienskip freed om frege op in minikonferinsje yn Ljouwert.
De gemeente Ljouwert besiket, troch it oanstellen fan allochtoane tuskenpersoanen, better yngripe te kinnen as dat nedich is.