Miljeufederaasje tsjin kap bosk
De Fryske Milieufederaasje stapt nei de rjochter om foar te kommen dat de bosk by rekreaasjekompleks Schatzenburg yn Menaam kape wurdt. Nije wike tiisdei tsjinnet dêrom in koart pleit by de rjochtbank yn Ljouwert tsjin eigner Booma fan Schatzenburg.
Booma wol de bosk fuort hawwe om't er it terrein nedich hat foar de útwreiding fan it rekreaasjekompleks.