Friezinne fraksjefoarsitter PvdA

De út de Stellingwerven ôfkomstige Jeltje van Nieuwenhoven is tongersdei keazen ta nije fraksjefoarsitter fan de PvdA as opfolger fan Ad Melkert. Se is dêrmei de earste frou dy't dy funksje by de PvdA kriget. Se wie ek al de 1ste froulike Twadde-Keamerfoarsitter.
Van Nieuwenhoven is net de earste froulike fraksjelieder. Andrée van Es (PSP) en Ria Beckers giene har foar.