Unike gearwurking yn soarch

© Omrop Fryslân
Soarchkantoar Friesland, ûnderbrocht by De Friesland Zorgverzekeraar hat tongersdei in unike gearwurkings- oerienkomst tekene mei ferskate soarch- oanbieders. Doel is om de wachtlisten foar de handicaptesoarch, ferpleging en thússoarch werom te bringen.
De gearwurking moat liede ta dúdlikheid oer wa't op de wachtlisten steane en hokker soarch dy minsken nedich ha.