Stimburo's min tagonklik

Fiif fan de seis stimburo's yn Ferwerderadiel binne min tagonklik foar rolstoelgebrûkers. Handikapten kinne net sûnder begelieding nei binnen. Benammen yn Burdaard is de drompel letterlik o sa heech. Dêr sit ek in swiere dranger op de doar.
In wurdfierder fan de gemeente erkent it probleem. It soe te djoer wêze de stimburo's tagonkliker te meitsjen.