Klinkhamer mei ferhúzje

Smederij Klinkhamer oan It Syl yn Terherne soarget net foar tefolle oerlêst. Dat hat de Steatsrie woansdei sein yn in útspraak oer de miljeufergunning fan de smederij.
De omwenjenden protestearje tsjin de ferhuzing fan de smederij fan De Buorren nei It Syl. Se binne benaud foar oerlêst, benammen troch it grut tal toeristen yn it Kameleondoarp.