Cambuur ferliest slim fan Emmen

© Omrop Fryslân
Cambuur hat tiisdei mei 5-1 ferlern fan Emmen. In djiptepunt yn de neikompetysje dy't dochs al net goed rûn. Oanfierder Abma rêde de eare troch út in frije traap noch te skoaren yn Emmen.
De Ljouwerters moatte noch trije wedstriden spylje. Kommende sneon komme de Drinten nei it stadion yn de Fryske haadstêd. Abma en Van Dijk meie net spylje. Se ha beide twa kear giel.