Dei-opfang giet hast iepen

De dei-opfang fan dakleazen op de Tunen yn Ljouwert wurdt nije wike iepene. Omwenners ha fûl protestearre tsjin de opfang om't se in soad oerlêst ferwachtsje.
Wethâlder Sluiter seit dat der alles oan dien wurdt om oerlêst tefoaren te kommen. Inkeld dakleazen mei in paske kinne de dei-opfang brûke. De plysje sil ek ekstra kontrolearje.