Foks rôvet fûgels yn Nes (D)

© Omrop Fryslân
Foksen hawwe dit wykein opnij taslein, diskear yn 'e gemeente Dongeradiel. In hobbyboer út Nes mist einen en hinnen. By in foksehoal by Ternaard soene 80 deade bisten lizze.
Kritikaster warskôgje foar in foksepleach, mar de provinsje kin der foarearst neat oan dwaan. It Ryk wol gjin ûntheffing jaan foar it jeien op dizze beskerme diersoart.