Wurksumheden Drachtsterplein

Autobestjoerders dy't woansdei fia it Drachtsterplein Ljouwert yn wolle, kinne better mar wat earder fan hûs gean. De kommende trije dagen sil dêr wurke wurde oan de ferkearsljochten en dat sil nei alle gedachten foar fertraging soargje.
Boppedat sil de plysje de kommende dagen op en om it Drachtsterplein ekstra strange kontrôles hâlde.