Soad oanmeldings learling-mûnder

© Omrop Fryslân
De kampanje fan it Gild Fryske Mûnders foar mear frijwilligers hat 36 nije learling-mûnders opsmiten. Dy grutte respons wie net ferwachte.
Ofrûne sneon wie it Nasjonale Mûnedei. Gild-foarsitter Geurt van der Weg makke doe bekend dat der 36 oanmeldings wiene. It Gild hie yn it foar flink kampanje fierd om frijwilligers te krijen.