Drokke blomkemerk yn Ljouwert

300 frachtweinen mei blommen rieden tongersdeitemoarn nei Ljouwert ta foar de jierlikse blomkemerk. Der wiene 200 kreamen mei 1500 man personiel, dy't mei inoar in goede kilometer oan blommen te keap hiene.
De tradisjonele blomkemerk luts folle mear besikers as ferline jier. De plysje praat oer 50 oant 100 tûzen besikers oer de hiele dei.