Jild foar skjin wetter yn grêft

© Omrop Fryslân
De Ljouwerter stedsgrêften kinne folslein opknapt wurde. Ut Europeeske fûnsen is 2,2 miljoen euro beskikber steld foar it projekt Water City. Neist Ljouwert krijt ek Snits jild út dy pot en noch in tal oare stêden yn Europa.
It wetter yn de Fryske haadstêd moat skjinner wurde. Dat is ek oantrekliker foar rekreanten. Oer fjouwer jier moat it wetter skjin wêze.