Fryske side Fortuyn goed besocht

De Fryske ynternetside oer Pim Fortuyn is sûnt syn dea al goed 80.000 kear besocht. De makker fan de side, Gerard van der Wijk út De Harkema, kin it tal besikers hast net oan.
Op de side kin in kondoleânseregister tekene wurde. Healwei tiisdeitemiddei ha al goed trijetûzen minsken witte litten dat se meilibje. De side is: www.lijstfortuyn.nl.