Te min frijwilligers brânwacht

De brânfeiligens op it plattelân komt yn gefaar. Dat seit de NVBR, de Nederlânske Feriening foar Brânwachten. Oarsaak is dat it hieltyd dreger wurdt om frijwilligers te krijen dy't foar dit wurk frij krije kinne fan de baas.
Ek it feit dat hieltyd mear minsken op in oar plak wurkje as dêr't se wenje, makket se dreech ynsetber foar de brânwacht.