Man ferwûne by brân yn wenning

© Omrop Fryslân
In 47-jierrige ynwenner fan Moarre is freed ferwûne rekke by in brân. Hy hie de frituerpanne oanset en wie doe yn sliep fallen. In omstanner seach reek en helle de man út it hûs. It slachtoffer is nei it sikehûs yn Dokkum brocht.
It hûs, in twa-ûnder-ien-kap-wenning, is folslein ferwoastge. Foar de buorlju is opfang regele. Har hûs hie ek skea.