Lemsterlân:'Mear oanjefte dwaan'

Ynwenners fan Lemsterlân moatte mear oanjefte dwaan fan fandalisme. Dat seit de gemeente. De lêste tiid wurdt der in soad fernield op 'e Lemmer, mar dêr wurdt faak gjin oanjefte fan dien.
Lemsterlân hâldt sûnt koart by wat der krekt fernield wurdt yn 'e gemeente. As minsken mear oanjefte dogge, kinne de dieders earder opspoard wurde. De skea kin dan ek op har ferhelle wurde.