Nije hal by feemerk yn Ljouwert

Oer twa wiken wurdt mei de nijbou by de feemerk yn Ljouwert begûn. De nije hal by it FEC is bedoeld foar it ôfspielen fan frachtweinen en it laden fan fee.
De oanpassingen oan de Ljouwerter feemerk binne nedich sadat de merk trochgean kin. De kosten fan de nijbou binne goed ien miljoen euro. De hal moat der yn septimber stean.