Ofsluting driget foar binnenmar

Doarpsbelang Koudum en Wettersportorganisaasje De Fluessen binne lilk op de provinsje. Dy wol it binnenmarke It Sân by de Fluessen mei in pear diken makke fan baggerslyk ôfslute. It marke soe dan tsjinje as wetterberging.
De organisaasjes protestearje om't it marke in moai plakje foar lytse boaten en kano's is. Camping De Kuilaard soe dan in attraksje kwytreitsje.