Langwar is no rolstoelfreonlik

Langwar is no goed tagonklik foar minsken yn in rolstoel. Demisjonêr steatssekretaris Vliegenthart wie sneon yn it doarp om de fernijde situaasje yn te wijen.
Winkels binne no ek mei rolstoel, rollator en bernewein berikber. Fierders is der in spesjaal húske makke en binne de steigers oanpast. Stichting De Drompel hat it op priemmen set.