Skulpefiskerij stopset

De skulpefiskerij op It Waad en de Noardsee is freed stillein. Der sit te folle gif yn de skulpdieren. It Produktskip foar fisk riedt minsken oan sels net te sykjen foar konsumpsje.
Yn de skulpen sit in stof dy't it ûnthâld oantaast. De maksimumnoarm fan it gif yn de skulpen is noch net berikt, mar út foarsoarch is de fiskerij wol stopset.