Nijpels: 'Gjin fúzje provinsjes'

Kommissaris fan de Keninginne Ed Nijpels slút in fúzje tusken provinsjes yn it Noarden út. Hy seit dat yn in reaksje op in brief fan it IPO oan it kabinet. It IPO is de koepelorganisaasje fan de provinsjes.
It IPO wol dat in steatekommisje, ynsteld troch it kabinet, ûndersyk docht nei fúzjemooglikheden fan de provinsjes. Sa moatte der fiif provinsjes oerbliuwe.