Help jiskemannen by ûntrommingen

Plysje Fryslân sil tenei by ûntrommingen fan himpkwekerijen help krije fan jiskemannen. Freed sil de plysje dêr in 4jierrige oerienkomst foar slute mei Fryslân Miljeu.
Troch de gearwurking hopet de plysje minsken út te sparjen foar oare taken. Fryslân Miljeu sil foaral ferantwurdlik wêze foar de ôffier fan himp en it skjin meitsjen fan de kwekerijen.