Twa fan Putten binne no frij man

© Omrop Fryslân
It gerjochtshôf yn Ljouwert hat woansdei de twa haadfertochten yn de Puttenske moardsaak frijsprutsen. Herman Du Bois en Wilco Viets binne healwei de jierren '90 ûnterjochte feroardiele foar de moard op Christel Ambrosius.
Beide manlju ha har straf al útsitten en tsjinje in skeaclaim fan miljoenen yn by de steat. It IM is teloarsteld oer de útspraak en oerwaget kassaasje.