Nestlé slút fabryk Skarsterbrêge

© Omrop Fryslân
Nestlé is fan doel om op syn lêst yn desimber dit jier it fabryk fan Skarsterbrêge te sluten. Dêr wurdt molkpoeier en poppe-iten makke. Der wurkje yn Skarsterbrêge 75 minsken. Foar de fakbûnen komt de oankundiging as in skok.
Nestlé wol effisjenter wurkje troch de produksje yn Nederlân te konsintrear- jen yn Nunspeet en Gorinchem.