BBC komt nei Liet Ynternasjonaal

Sjongfestival Liet Ynternasjonaal, dat no snein plakfynt yn De Harmonie, lûkt in soad belangstelling fan bûtenlânske media. BBC World sil in reportaazje meitsje op it sjongfestival en der komt ek in sjoernalist fan 'e Frankfurter Algemeine Zeitung. Ek CNN sil oer de hiele wrâld in reportaazje útstjoere oer dit sjongfestival.
Liet Ynternasjonaal is it alderearste sjongfestival foar Europeeske minderheidstalen.