Grut drugslab ûntmantele

Yn De Fochtel is ien fan de grutste laboratoaria foar gemyske drugs ea yn Nederlân ûntmantele. De plysje hie de loads al in skoft op 'e kuer.
By de ynfal waard 123 kilo suvere amfetamine oantroffen, goed foar 2,5 miljoen pillen mei in strjitwearde fan 11 miljoen euro. Twa fertochten, út Hilversum (44) en út Lelystêd (35), binne oppakt.