Bernlef makket Kameleonfilm

De Fryske studinteferiening Bernlef yn Grins sil yn maaie in Kameleonfilm opnimme. Bernlef is der min oer te sprekken dat Steven de Jong in Hollânkse Kameleonfilm makket, en dêrom sille de studinten der no sels ek ien meitsje. Waarman Piet Paulusma sil ek meidwaan oan de low-budgetproduksje. De film sil op 18 augustus yn premiêre gean yn 'e Bernlef-soasjeteit yn Grins.