Bank kriget 'koepel op hichte'

By de Friesland Bank oan it Saailân yn Ljouwert wurde grutte stielen ûnderdielen foar in koepel nei boppen ta takele. Se binne wol 25 meter lang en mear as 11 ton swier. In kraan dy't 250 ton tille kin, wurdt dêrby ynset.
Neffens in wurdfierder fan de bank ferrinne de wurksumheden oant no ta neffens skema. De koepel op de bank wurdt 43 meter heech.