Fernijing by Paardenstamboek

In spesjale kommisje moat fernijingen yn it Friesch Paardenstamboek trochfiere. In lytse twahûndert leden hienen lêsten klage oer de âlderwetske bestjoerswize fan de feriening. Dat hat laat ta it ynstellen fan de kommisje.
Frou Schreuder út Fryske Peallen krijt de lieding. De leden moatte foar 1 septimber beneamd wurde. Yn 2004 moat der in fernijingsfoarstel lizze.