Frysk turnsukses op EK junioaren

Berber van den Berg fan It Hearrenfean is sneon fyfde wurden op it EK turnjen. Yn it Grykske Patras wie de finale fan de mearkamp foar junioaren. Mei it fyfde plak is de 14-jierrige Berber de bêste Nederlânske oait. Twa jier lyn einige Rikst Valentijn as sande.
Foar de finale stie Van den Berg op it tsiende plak. Se klom fiif plakken troch goede prestaasjes op de flier.