Fúzje twa sakeklubs Cambuur

De sakeklub fan Cambuur Ljouwert, CMK, fusearret mei de oare sakeklub fan de fuotbalklub, ZCC. It CMK hat te min leden om selsstannich troch te gean.
It tal leden út midden en lytsbedriuw rint werom om't de Gouden Gids divyzje minder oantreklik is. Ek de wedstriden op freed binne foar har in probleem. De fúzje krijt it nije seizoen syn beslach.