Twatalich 'Bernestate' iepene

© Omrop Fryslân
Wethâlder Sluiter fan Ljouwert en waarman Pyt Paulusma hawwe sneon it twatalige bernedeiferbliuw Bernestate yn Ljouwert offisjeel iepene. Bernestate is in inisjatyf fan 'e Stifting Pjutteboartertersplak en Catalpa út Hengelo.
Bern wurde by Bernestate opheind yn it Frysk of it Nederlânsk, neffens de foarkar fan 'e âlden. Yn juny giet in twadde festiging iepen by Crystallic.