Arriva-sjauffeurs wize cao ôf

De bussjauffeurs fan Arriva hawwe it prinsipe-akkoart oer in nije CAO yn it streekferfier ôfwiisd. Likernôch 100 fakbûnsminsken ha dúdlik makke dat se neat wite wolle fan it akkoart dat de bûnen mei de wurkjouwers sletten ha.
Dêryn waard in leansferheging fan 3,75 persint oerienkaam. Foar de Noardlike sjauffeurs is dat te min. Sy wolle net minder as 4 persint.