Feilige frachtauto's Lemsterlân

Lemsterlân sil, op advys fan it Fytsersbûn, bedriuwen yn 'e gemeente oproppe om te riden mei feilige frachtauto's. De auto's moatte foarsjoen wêze fan in saneamde deade hoeke-spegel. Boppedat moat tusken de sydtsjillen in ôfskerming oanbrocht wurde, sadat fytsers der net tusken falle kinne. It Fytsersbûn hat hjir yn in brief by de gemeente op oan trúnd.