Dykjes ôfslute yn briedseizoen

It Fryske gea wol sa folle mooglik ferkearsdykjes troch natuergebieten ôfslute yn it briedseizoen. Neffens de natuerorganisaasjes soargje auto's en minsken dy't de hûn útlitte foar fersteuring fan de natuer.
Ek de Binnemiedereed by Gytsjerk, in lyts dykje troch in natuergebiet, moat ôfsletten wurde yn in briedseizoen. Dêr wurdt geregeld yllegaal ôffal dumpt.