AKO moat ek foar oersettings

Ut it Frysk oersette romans moatte ek kâns meitsje op de AKO-literatuerpriis. Dat skriuwt it FLMD oan it bestjoer fan dy belangrike ûnderskieding. It reglemint fan de AKO-literatuerpriis stiet oersettings net ta.
It FLMD fynt dat de Fryske literatuer wurk fan heech nivo hat, lykas de boeken 'Kikkerjaren' fan Josse de Haan en 'Na de klap' fan Trinus Riemersma.