Easken foar nije hoareka-cao

It hoarekabûn FNV start takom wike mei it ynformearjen fan minsken dy't wurkje yn de hoareka en de ferbliuwrekreaasje oer de de nije cao-ûnderhannelings. De cao rint ein juny ôf.
De FNV easket in leansferheging fan fjouwer prosint en mear frije dagen. Yn de hoarekasektor yn Noard-Nederlân wurkje sa'n 80 tûzen minsken.