Ynfotelefoan yn Fersetsmuseum

It Fersetsmuseum yn Ljouwert kriget in soad oanfragen fan skoallen foar in rûnlieding. Sûnt koart is der in nij ynformaasjesysteem mei telefoantsjes. Al rinnendeweis wurde de besikers bypraat yn it Nederlânsk of Frysk.
It museum hat grutte plannen foar de takomst. De presintaasje moat moderner en de lokaasje better. Se sitte no by de Kânselarij oan 'e Twibaksmerk yn.