Museumwykein lûkt protten folk

© Omrop Fryslân
It Najonaal Museumwykein hat lanlik in rekordtal fan 950.000 besikers lutsen. Sa kamen der 1200 nei it skipfeartmuseum yn Snits. Oars binne dat mar fyftich.
Ferline jier wiene de besikerstallen leger troch de tongblierkrisis. Neffens de organisearjende Stichting Museumjierkaart komme de measten ôf op de spesjale aktiviteiten. Mar ek it waar en de fergese tagong spylje mei.