Karavankeuring yn Appelskea

De trijehûndert karavaneigners op kamping Alkenhaar yn Appelskea krije allegear in feilichheidskeuring. De famylje De Groot, dy't eigner is fan de kamping, wol dat alle karavans neisjoen wurde op de elektryske- en gasynstallaasjes.
Ferkearde oanslutingen soargje alle jierren foar earnstige ûngemakken. De keuring is yn earste ynstânsje frijwillich, mar wurdt letter ferplichte.